Parsepriis foar Doutzen Kroes

16 des 2007 - 14:10

Ynternasjonaal topmodel Doutzen Kroes hat sneontejûn yn Ljouwert persoanlik de Fryske Parsepriis yn ûntfangst naam. Kroes groeide op yn Eastermar en wennet no yn New York.

Kroes foldocht neffens de Feriening Fryske Sjoernalisten oan ien fan 'e wichtichste betingsten foar de priis. Se hat de publisiteit yn de media net opsocht, mar is dy ek net út 'e wei gien. Doutzen Kroes is sûnt koart ambassadrise fan 'e Fryske taal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)