Krystferljochting fernield
In 16-jierrige jonge út Harns is sneintemoarn yn Dokkum troch de plysje oanhâlden. Plysjes seagen op de Grutte Breedstrjitte dat de jonge mei oaren dwaande wie krystferljochting út in krystbeam te skuorren. Op strjitte leine stikkenmakke lampkes.
De fertochte naaide út, mar is nei in koarte achterfolging oppakt.