Winst foar folleyballers Snits

15 des 2007 - 21:24

De folleyballers fan Snits wûnen sneontejûn mei 3-2 fan Agea/VCP. De oerwinning moast fierwei komme. De earste twa sets gienen nei Agea: 16-25 en 18-25. Snits kaam der doe eins net oan te pas.

Yn de tredde set kantele de wedstriid.Snits waard better en luts de winst nei him ta. De tredde en fjirde set einigen beide yn 25-19 foar de thúsploech. De lêste set einige yn 15-13.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)