Stroetinga wint yn Den Haach

15 des 2007 - 21:11

Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap hat sneontejûn de alfde maraton om de KNSB Cup wûn. Yn Den Haach wie Stroetinga de rapste yn de massasprint. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard twadde, Rob Hadders tredde.

It wie de fiifde oerwinning dit seizoen foar Stroetinga. Hy hat no likefolle oerwinnings as Bob de Vries op syn namme stean. Dy lêste bliuwt noch wol lieder yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)