Tigchelaar yn KNSB-bestjoer

Sippy Tigchelaar
Sippy Tigchelaar is sneon beneamd yn it Algemien Bestjoer fan it reedridersbûn KNSB. Se folget Christine Aaftink op. Aaftink, krekt as Tigchelaar âld-reedrydster, hie gjin tiid mear foar it bestjoerswurk,
Sippy Tigchelaar is nei har aktive perioade as reedrydster belutsen bleaun by it riden, ûnder oare as trainster, organisator fan 'e Viking race en ferslachjouster by Omrop Fryslân.