Oanstekker fan Marianne?

15 des 2007 - 17:10

In fjoeroanstekker is mooglik in nij oanknopingspunt yn 'e saak-Vaatstra. Marianne hat de oanstekker mei it Playboylogo miskien op de dei fan de moard krige fan immen, tinkt justyje. Plysje en justysje tinke dat tips oer de oanstekker liede kinne nei de dieder fan 'e moard.

Marianne Vaatstra (16) waard de nachts nei Keninginnedei 1999 om it libben brocht. Se waard de oare deis fûn yn in stik greide by Feankleaster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)