Fergees reedrydles foar bern

Fergees reedrydles, hjir yn Thialf
Thialf op It Hearrenfean is sneon út ein set mei in aksje om de jeugd wer op redens te krijen. Bern tusken de 6 en 14 jier kinne fergees fjouwer reedrydlessen folgje. Sûnt 2003 is it tal bern dat op les sit mei de helte fermindere.
De kaarten foar de fergese lessen binne ferspraat troch de pleatslike iisclubs yn Fryslân. Fiifhûndert bern leare it riden. De lessen binne op Thialf en yn 'e iishal fan Ljouwert.