Sintrum Balk is opknapt

© Omrop Fryslân
Mei it oansetten fan 'e nije strjitlampen is freed it opknapte sintrum fan Balk yn gebrûk naam. De stjitten hawwe ek nije stiennen krige en der binne bankjes en fytserekken kaam. Op seis lampepeallen stean gedichten te lêzen.
It hat lang duorre foardat der genôch jild wie foar de herynrjochting. Uteinlik hat jild út it Fryske Marreprojekt de trochslach jûn. De middenstân hopet no op mear klanten.