Undersyk nei ferpleechhuzen

15 des 2007 - 13:01

Stellinghaven Appelskea, Bertilla yn Drachten en Berchhiem Burgum dogge it min yn in ûndersyk nei ferpleechhuzen yn 'e Volkskrant. De krante hat in list publisearre op grûn fan gegevens fan 'e ynspeksje foar de folkssûnens oer 2005 en 2006. Bloemkamp yn Boalsert sit by de tsien bêsten.

By it ûndersyk is sjoen nei mearpersoanskeamers, registraasje fan ynsidinten mei bewenners en syktefersom ûnder it personiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)