PTC-plus finansjeel kwetsber

© Omrop Fryslân
De fêste keamerkommisje foar lânbou is bot skrokken fan de kwetsberens fan lânboupraktykskoalle PTC-plus yn Oentsjerk.
Oan't 2011 krijt de skoalle jierliks noch 3,7 miljoen euro fan it Ryk om in tal wichtige taken út te fieren, mar it is noch net wis of der dêrnei noch jild foar is. In mearderhied fan CDA, PvdA en mooglik ek de VVD yn de Twadde Keamer lykje ree om it probleem op te lossen.