Makliker boeregrûn ruilje

© Omrop Fryslân
Boeren dy't lanbougrûn ruilje wolle kinne dat fan takom jier ôf folle makliker en flugger dwaan. Se krije derfoar stipe fan in spesjaal projektburo kavelruil dat yn Ljouwert komt. It buro wurdt opset troch de provinsje en de tsjinst lanlik gebiet.
Doel is om it ûnderling ruiljen fan grûn wat better te stroomlijnen en fersnippering fan grûn tsjin te gean. Op it stuit wurdt it ruiljen fan grûn faak regele yn grutte projekten.