Gjin nije Marrekrite-húskes

14 des 2007 - 10:52

Rekreaasjeskip de Marrekrite hâldt op mei it eksperimint mei húskes foar boatsjefarders fier fan de bewenne wrâld. Yn 2004 kaam der sa'n húske op de Langhoekspôle by Heech en der wiene plannen foar noch twa fan dizze húskes mei sinnepanielen.

Mar dat giet net troch, want in húske sûnder tafersjoch smyt in soad problemen op. It geboutsje op de Langhoekspôle is foar safier mooglik no hielendal sloopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)