Plysje fynt nitraatbommen

14 des 2007 - 09:47

De plysje hat tongersdei by in preventyf fûillear-aksje yn Ljouwert tûzen nitraatbommen yn in auto oantroffen. De beide ynsittenden, in 25-jierrige ynwenner fan Tytsjerk en in 22-jierrige man út Suwâld, binne oppakt. Sy sitte noch fêst.

Yn de auto fan in man út Wommels fûn de plysje 118 nitraatbommen. Hy hat proses-ferbaal krigen. In 21-jierrige Ljouwerter hie acht nitraatbommen yn syn auto lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)