Yn 2008 beslút húsfesting FA

13 des 2007 - 22:17

Yn 2008 moat dúdlik wurde hoe't it komt mei de húsfesting fan de Fryske Akademy. De direksje ûndersiket oft it mooglik is om de besteande húsfesting yn de binnenstêd fan Ljouwert te ferkeapjen om op in oar plak doelmjittiger fierder te gean.

De nije húsfesting is ûnderdiel fan it reorganisaasjeplan fan de Akademy. De besteande húsfesting oan de Doelestrjitte is neffens direkteur Salverda 'hiel moai' mar net rendabel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)