Gjin punten foar Feanfroulju

© Omrop Fryslân
De froulju fan sportklub Hearrenfean komme dit seizoen noch net fierder as ien oerwinning. Tongersdeitejûn ferlear Hearrenfean wer. Op sportpark Skoatterwâld wie dit kear ADO Den Haach mei 2-1 te sterk.
Krekt foar rêst makke Nederpel foar ADO de 0-1. Nei in oere waard it ferskil twa troch Almeida. Brenda Eefting makke it noch spannend, mar fan in echt slotoffensyf wie gjin sprake.