Durk Gorter krijt earepenning

13 des 2007 - 21:54

Taalsosjolooch Durk Gorter krige tongersdei by syn ôfskied de sulveren earepenning fan de Fryske Akademy. Gorter ferhuzet nei Baskelân, dêr't er oan de slach sil by wittenskiplik ynstitút Ikerbasque. Ek is Gorter fan doel om de Baskyske taal te learen.

Gorter bliuwt oan de Akademy ferbûn as bûtengewoan ûndersyksmeiwurker. Gorter makke yn de jierren '80 namme mei it rapport Taal yn Fryslân, in ûndersyk nei de Fryske taalferhâldings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)