Grutte oarder foar LSV Hout

13 des 2007 - 16:49

LSV Hout yn De Westerein hat in grutte oarder krigen fan Faber Pallets BV yn Assen. It giet om it bewurkjen fan 25000 fjurrenhouten pallets foar Yamaha Motors Japan. De pallets binne grutter as de standert-eksimplaren. Se moatte bewurke wurde sadat de motoaren fan Yamaha deryn passe.

Troch de oarder kin LSV Hout tsien man ekstra oan it wurk sette. Mooglik kin it bedriuwe yn de takomst mear wurk dwaan foar Yamaha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)