Oeletoeters sykje húsfesting

Nei 29 jier moat karnavalsferiening De Oeletoeters út Snits út it kluphûs. De hier fan it pân, mei de namme De Hofnar, wurdt sa bot ferhege dat de klup it net mear betelje kin. Ek de bridgeklup en it sjantykoar moatte út it pân. De klups hawwe begryp foar de ferheging, mar fine it wol spitich dat it sa moat.
Der is noch ôftwongen dat der in beheinde hierferheging fan 160 prosint komt oant en mei 1 july 2013. Dêrmei wolle de klups tiid winne om op syk te gean nei in nij ûnderkommen. Nei 1 july 2013 wurdt de priis mei 335 prosint ferhege.
De klups wolle mei har trijen op syk nei in nij pân, mar sille earst mei de gemeente yn petear oer de mooglikheden.