Casal net tsjin Stormvogels

13 des 2007 - 15:33

Cambuur-trainer Jurrie Koolhof kin yn de wedstriid tsjin Stormvogels/Telstar gjin berop dwaan op Kasali Yinka Casal. De Nigeriaan hat in hamstring blessuere. Ek Marc Mboua is noch net fit genôch foar de wedstriid.

Chris de Wagt is der net by troch in skorsing en dêrtroch spilet Rick Hooijboer sintraal achteryn. Fierder feroaret Koolhof neat oan it alvetal, dat ferline wike mei 3-2 fan Dordrecht wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)