Moderne masines op lânboubeurs

13 des 2007 - 15:24

De lânboumasine-ekspo yn Ljouwert moat de bêste en modernste útstalling fan Nederlân wurde. Der binne 300 dielnimmers op 40.000 kante meter. Se litte de nijste masines en apparatuer sjen.

Mear as 30 jier siet de lânboubeurs fan Noard-Nederlân yn Súdlaren. Dit jier is de 17e edysje foar it earst yn Ljouwert. De organisaasje wol de oandacht nei it Westen ferlizze om sa in nije merk oan te boarjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)