Nederhoed Staalbouw oernommen

© Omrop Fryslân
It fallite bedriuw Nederhoed Staalbouw op It Hearrenfean wurdt oernommen troch konstruksjebedriuw Heilig út Heerhugowaard. Dat ha de fakbûnen fan de kurator te hearen krigen. Al it personiel, sa'n 40 minsken, wurdt ek mei oernaam. Dy binne dêr tongersdei fan op de hichte bracht.
Twa wiken lyn gie Nederhoed Staalbouw fallyt. Se koenen har skulden net mear betelje. Se binne foaral bekend as bouwer fan tribunes en stadions.