Van der Heide trainer by Balk

13 des 2007 - 12:01

Cambuur-oanfaller Sandor van der Heide wurdt takom jier trainer by VV Balk. Hy folget Johan Wijnsma op dy't Balk nei dit seizoen ferlit. Van der Heide docht de trainerskursus TC 2. Dêrmei kin er de twadde klasse traine.

De oanfaller hat altyd ambysje hân as trainer en wol op termyn mooglik noch de kursus oefenmeester 1 dwaan. Dan mei er ek haadklassers as ONS Snits traine en assistint-trainer yn it betelle fuotbal wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)