Brân yn boat Snits

brân yn in skip yn Snits (foto: Alex Zwart)
In boat yn de Houkesleat yn Snits is woansdeitejûn yn de brân flein. In foarbygonger ûntduts de brân en warskôge de brânwacht en plysje. De brânwacht moast in stek by in bedriuweterrein delhelje om by de brân te kommen. Se koene foarkomme dat omlizzende skippen skea oprûnen.
De brân is nei alle gedachten ûntstien troch in technyske steuring.