Lichem frou yn Snits fûn

13 des 2007 - 09:52
  • De plysje oan it sykjen op de Broeresleat (foto: www.allesvan.nl/sneek)

De plysje hat woansdeitemiddei it lichem fan in frou fûn yn de Broeresleat yn Snits. Wa't de frou is, is noch net bekend. Sneon waarden de klean en de fyts fan de frou al oantroffen. De plysje hat yn it wykein ek al socht, mar doe waard neat fûn.

In foarbygonger seach woansdei it lichem yn de sleat driuwen. Hy warskôge de plysje. Mei help fan de brânwacht is it lichem út it wetter helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)