Pontsje Keimpetille werom?

dit is de pont by Langwar
Der komt mooglik jild fan de gemeente Menameradiel foar it op 'e nij farre litten fan it pontsje by Keimpetille. Mei de komst fan it pontsje oer it Van Harinxmakanaal wurdt in âlde rûte tusken Dronryp en Frjentsjer yn eare hersteld.
Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenterie foar 18.000 euro oan it pontsje te jaan. Dy gemeenterie nimt dêr meikoarten in beslút oer.