Vosseparkwyk wol sloop LPF

Omwenners wolle sloop fan it eardere fabryk fan LPF (argyffoto)
Ynwenners fan de Ljouwerter Vosseparkwyk wolle dat it gebou fan it eardere papierfabryk LPF sloopt wurdt. It leechsteande gebou soarget foar gefaarlike sitewaasjes omdat der geregeld dakleazen en ferslaafden sitte. Ek wie der yn april brân.
De bewenners hawwe de gemeente yn in brief frege aksje te ûndernimmen. Neffens har soarget it leechsteande fabryk foar minder wengenot. It gebou stiet al trije jier leech.