IM tinkt nei oer útspraak

De Angels op de treppen fan it Hôf
It Iepenbier Ministearje wit noch net oft it berop oantekent tsjin de útspraak fan it gerjochtshôf dat de ôfdieling Harns fan de Hells Angels gjin kriminele organisaasje is. It Iepenbier Ministearje hie it gerjochtshôf frege de ôfdieling te ferbieden fanwege kriminele aktiviteiten.
Neffens it gerjochtshôf is der net genôch reden foar in ferbod. Earder kaam de rjochtbank ek ta dy konklúzje.