Mooglik stappen tsjin LC

© Omrop Fryslân
Gooitzen de Haan, de eardere manager fan sjonger Rommy, ûndernimt mooglik stappen tsjin de Ljouwerter krante. Yn oktober kopte de Ljouwerter 'Rommy volgens zoons door manager gebruikt'.
Dy soannen ûntkenne dat sein ta hawwen en woansdei bepaalde de rjochter dat se de útspraak net hoege te rektifisearjen. De Haan tinkt no oan ferfolchstappen, mooglik fia de Raad voor de Journalistiek of fia in rjochtsaak.