Diks mei 1e divyzje fluitsje

Skiedsrjochter Mario Diks út Ljouwert mei him mei yngong fan 1 jannewaris skiedsrjochter betelle fuotbal neame. De skiedsrjochterskommisje fan de KNVB hat him promovearre fan de Masterclass nei de B-list. De 30-jierrige Diks fluitet dan yn de earste divyzje en moat besykje de A-list te heljen.
Mario Diks is njonken Hessel Steegstra de twadde Fries op de B-list. Bart van der Scheer út Ljouwert is promovearre fan de C-list nei de Masterclass.