Hells Angels net krimineel

12 des 2007 - 14:21

De Hells Angels yn Harns is gjin kriminele organisaasje en kin dêrom net ferbean wurde. It gerjochtshôf yn Ljouwert hat dat woansdei bepaald.

It Iepenbier Ministearje besiket by rjochtbanken yn hiel Nederlân te bewizen dat de Hells Angels in kriminele organisaasje is en ferbean wurde moat. De rjochtbank yn Ljouwert fûn earder dat dat net bewiisd wurde koe. It hôf is it dêr mei iens en wiist it heger berop fan it IM ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)