Alde krúk yn tsjerke Nijlân

By restauraasjewurk oan de tjerke fan Nijlân is in hunderdten jier alde krúk efter it oargel fûn. Argeologen út Zeist hawwe de krúk ûndersocht en fêststeld dat it in krúk út 1500 is.
De tsjerke wurdt restaurearre om't de kap foar in grut part opfretten waard troch de bûnte kjifkrobbe. Woansdei wie der in grutte kraan by de tsjerke om der in searje nije trekbalken yn te setten.