Oplichter anoreksia hat spyt

Oplichter Remon de Boer foar omrop Gelderlân
De oplichter fan anoreksia-pasjinte Saskia van Ruiten hat spyt fan wat er dien hat. Remon de Boer út Apeldoorn beloofde de Ljouwerter pasjinte 150 tûzen euro foar in behanneling yn Sweden.
De Boer ferskynde sels yn fermomming by Pauw en Witteman op televzyzje om syn goede die ta te ljochtsjen. Mar Saskia krige it jild net. No hat de oplichter spyt fan 'e ligerij, sa hat er ferteld oan Radio Gelderland.