Kaap op Boschplaat ferpleatst

© Omrop Fryslân
De kaap op 'e Boschplaat op Skylge wurdt opnij ferpleatst omdat er yn see driget ûnder te gean. In grûnbedriuw hat it beaken fuorthelle en op it plak fan no delset. Dêr is it dus ek net feilich.
Begjin takom jier wurdt it beaken op in echt feilich plak delset. De kaap hat gjin wearde mear foar de skipfeart, mar wol foar in lânskip. De stoarmen fan 'e lêste tiid soargen foar in soad ôfslach op de Boschplaat.