Auto-ûngelok troch blombak

© Omrop Fryslân
In 80-jierrige man út Wolvegea is tiisdei yn Aldhoarne ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried yn syn auto op de Schoterlandsewei en seach dêr in blombak oer de holle. Dat kaam nei alle gedachten troch de leechsteande sinne.
De man ried boppe-op de blombak en de foarkant fan syn auto fleach yn de brân. Twa plysjes dy't foarby kamen ha it fjoer útmakke. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.