Earherstel foar Foekje Dillema

11 des 2007 - 20:54

Hurdrinster Foekje Dillema moat earherstel krije fan de Koninklijke Nederlandse Atletiek Unie. Dat fynt har famylje. Dillema ferstoar ferline wike woansdei.

De sportfrou út Boerum rûn op wedstriden yn 1950 hurder as Olympysk kampioene Fanny Blankers-Koen. In seksetest fan de KNAU makke in ein oan har súkses: der wie twifel oft se frou wie. Dat is se har libben lang net te boppe kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)