Fryske Suske en Wiske as kado

11 des 2007 - 16:20

Nije ynwenners fan Fryslân krije tenei in Frysk album fan Suske en Wiske as wolkomstgeskink fan de provinsje. It album hjit Suske en Wiske en de âldestêdestunt.

Yn it 298ste album reizgje de Belgyske striphelden nei it 15e-ieuske Fryslân. Se moatte it opnimme tsjin in boaze winterfee dy't de provinsje yn de macht hat. De Nederlânsktalige fersy leit fan woansdei ôf yn de winkel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)