Webdokter úteinset yn Ljouwert

Sûnt dizze moanne fiert hûsartse-praktyk HZL yn Ljouwert in digitaal sprekoere. Pasjinten kinne op de webside ynlogge en fia de webcam mei de dokter prate. Ek ôfspraken meitsje en medisinen bestelle is mooglik.
Ljouwert is de earste stêd yn hiel Nederlân mei in webdokter. Dokter Maarten Goedhart hâldt ien oere wyks sprekoere fia de webcam. By driuwende saken komt de pasjint fansels wol gewoan by de dokter yn de praktyk.