Bilt fiert ierappeljier

De organisaasje fan de Biltse ierappelwiken krije in subsydzje fan 45.000 euro fan de provinsje. Takom jier is ynternasjonaal útroppen ta it jier fan de ierappel.
Yn it ramt dêrfan binne der takom jier op it Bilt allegear aktiviteiten. Sa is der in sympoasium en in útstalling oer de skiednis fan de ierappel. Fierder komt der ek in opera fan lânboumasines. De Biltse ierappelwiken bin fan 27 juny oantemei 13 july 2008.