Ferlies foar Jong Cambuur

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandeitejûn mei 1-0 ferlern fan FC Zwolle. It doelpunt waard yn de 25e minút makke troch Marcel de Bruijn.
Nei de foarsprong fan Zwolle gie de thúsploech folop yn de oanfal. Cambuur krige yn de twadde helte noch in oantal kânsen en oan de ein fan de wedstryd sels in strafskop. Mar de ynset fan oanfierder Ale de Boer waard keard troch doelman René Oosterhof en sa gie de winst nei Zwolle.