Buert lulk om kap âlde beam

© Omrop Fryslân
Bewenners fan de Ljouwerter wyk Cambuursterhoek binne lulk op de gemeente. Nettsjinsteande eardere ôfspraken wol de gemeente in karakteristike treurwylch yn it Zamenhoffpark delhelje. Dit omdat de wortels fan de beam yn it fundament komme kin fan in noch te bouwen skoalle.
De buert hat by ferskate ynformaasjebyienkomsten te hearen krigen dat de beam stean bliuwe soe.