Grut rekreaasjepark by Damwâld

10 des 2007 - 18:01

Tusken Damwâld en De Westerein komt in rekreaasjepark mei 150 lúkse bungalows oan de Swemmer. Mei dit park liket Dantumadiel de konkurrinsje oan te gean mei Esonstêd. It nije kompleks moat de toerist ferliede om langer yn Dantumadiel te bliuwen.

Moandei setten de gemeente en it bedriuw Collage út Breukelen de hantekens foar dit projekt fan 50 miljoen euro. De gemeente hopet op in ympuls foar de ekonomy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)