Woudagemaal moandei stil set

10 des 2007 - 12:21
  • It Woudagemaal hat 4 miljoen liter wetter fuortpompe

Nei fiif dagen is moandeitemoarn it Woudagemaal by De_Lemmer wer stilset. Wetterskip Fryslân hie de help fan it histoaryske stoomgemaal nedich om it oerstallige wetter út de Fryske boezem fuort te pompen nei de Iselmar.

It stoomgemaal hat langer wurk hân as ornaris yn wiete perioades. Troch de stoarm en swiere reinbuien moast der wol 4 miljoen liter wetter per minút fuortwurke wurde. It wetter stiet noch 8 sentimeter boppe it it streefpeil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)