Grutste skip foar kaai Harns

10 des 2007 - 08:24

It grutstste skip dat oait de haven fan Harns oandien hat, leit sûnt snein dochs oan de kaai. Hast in wike hat it skip Dual_Confidence op de Noardsee lein te wachtsjen.

Tiisdei soe it skip binnenkomme, mar troch de hurde wyn koe dat net. It skip soe útwike nei Amsterdam, mar de belutsenen kamen der net út wa 't de omwei betelje moast. No wurdt it skip yn Harns laden mei sâlt, moandei of tiisdei fart it skip wer út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)