'Foppe moat Nijpels opfolgje'

Foppe de Haan: gjin bûnscoach mar CdK?
De jongerenorganisaasje fan de PvdA wol Foppe_de_Haan as nije Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. As er gjin bûnscoach wurde wol, kin er Nijpels moai opfolgje, tinke de Jonge Socialisten.
De Haan soe in boechbyld foar hiel Fryslân wêze, mei grutte ynset foar it behâld en de ûntwikkeling fan de Fryske taal en kultuer, tinke se. Ek straalt er yntegriteit út en kin er goed boppe de partijen stean.