Oerstallich wetter fuortmealle

Tsjerkwert: ien fan de tweintich histoaryske mûnen
De tweintich histoaryske mûnen fan stifting De_Fryske_Mole binne der goed yn slagge om de protten wetter fan de ôfrûne tiid fuort te meallen. De mûnen binne ynset as test fan it Wetterskip Fryslân om de protten wetter fuort te krijen.
It duorre kwalik in dei ear't al it oerstallich wetter út de polder fuortmealle wie. It Wetterskip is tefreden oer de resultaten fan de test.