Hearrenfean wint fan Grins

Michael Bradley skoarde trije kear
SC Hearrenfean wie sneintemiddei de sterkste yn de derby fan it Noarden. De sportklub fersloech FC Grins mei 4-2, tanksij ûnder mear trije treffers fan Michael Bradley. Alle doelpunten foelen yn de earste helte.
Goran Lovre kopte binnen twa minuten in eigen goal. Oanslutend skoarde Bradley 2-0. Fierder skoarde Erik Nevland twa kear foar Grins. SC Hearrenfean is troch dizze oerwinning wer nei it fjirde plak klommen.