Oanholden foar heling
In 36-jierrige Ljouwerter is sneon oanhâlden foar heling. Hy besocht yn in winkel op de Nijstêd yn Ljouwert twa truien te ruiljen.
It personiel fertroude it net, omdat de echte eigner fan de truien krekt sein hie dat har tas stellen wie. De man ûntkent dat hy de dief wie. Hy soe de tas krigen ha fan in kunde.