Utnaaid nei oanriding
In 53-jierrige ynwenster fan Ljouwert is sneontejûn ferwûne rekke by in oanriding. De frou ried tegearre mei har man oer de Archipelwei doe't se fan achteren oanriden waard.
De bestjoerster fan dy auto rûn nei de oanriding fuort en liet har auto efter. It giet om in 51-jierrige ynwenster fan Ljouwert. It is net bekend wêrom at se útnaaide.