Nije Stayokay iepene yn Snits

De iepening fan it nije Stayokay hostel
Yn Snits is sneon it nije Stayokay hostel iepene. It gebou oan de Houkesleat hat sa'n 4 miljoen euro koste. De Stayokay is fan grut belang foar de gemeente Snits.
Neffens wethâlder Metz is dit gebou dan ek in goede oanfolling op de besteande foarsjennings foar benammen de wettersporter. It hostel ferfangt it âlde gebou Wigledam yn Snits. Dy hat 30 jier lang tsjinst dien en wurdt no brûkt troch de twa tsjerken.