Focht doarpshûs Terwispel

09 des 2007 - 11:24

De problemen mei focht yn it doarpshûs fan Terwispel wurde takom jier oanpakt. Sûnt it doarpshûs yn 1987 boud waard, hat it altiten lêst hân fan focht. Der is al in pear kear wat oan dien, mar dat hat net holpen.

It houtwurk en it isolaasjemateriaal yn it dak is oantaaste troch skimmel en rot. De klaaikeamers komme boppedat ûnder wetter as it bot reint. In boubedriuw bringt foly yn it dak oan. Dat kostet goed 100.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)